Gewest Fryslân fan 28 febrewaris 2015 17:00

Dizze kear yn Gewest Fryslân; In pear wike lyn krige Bouke Oldenhof fan de Tynje de Pyt van der Zee priis. Pyt van der Zee wie de heit fan Johan van der Zee. Dy’t, doe’t dy priis noch net iens bestie, yn 1994 al in reportaazje makke oer Bouke Oldenhof. Doe oer syn toanielstik Rolbrêge, spile troch Joop Wittermans en Wimie Wilhelm yn in troch Oldenhof skreaun net besteand noardlik dialekt.

Yn dizze Gewest Fryslân ek in reportaazje fan Piter Tjeerdsma oer it al of net kommen fan in krûdfabryk yn de Lauwersmar. Diskusje en reportaazje dêroer yn 1985. It fabryk is der kaam, stie nei in jier wer leech en is no alhiel fertutearze.

Gewest Fryslân te sjen om 17.00 oere hjir nei alle oeren nei Hjoed.

Diel dit berjocht op:

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen om 17.00 oere.
(advertinsje)