Gewest Fryslân fan 27 septimber 2014 17:00

Yn Gewest Fryslân fan hjoed sjogge wy û.o. in reportaazje oer Langwar. Langwar wie yn 1974 tsien moanne fan it jier in stil doarpke, dat mar amper te berikken wie. Dy oare beide moannen wie it ferneamd fanwege de wettersport. Dus, de Langwarders fan doe woene Snits leafst as “haadplak” ha, mar de provinsje woe net mear as in te iepen brêge oer de Janesleat en in bettere pont oer de Langwarder feart, en sette Langwar sa nei De Jouwer. Sels âld-boargemaster Cavaljé fan Doanjewerstâl wie dêr lulk oer, en de Langwarders hienen it al oer tunnels. Fierder ek omtinken foar it fabryk yn redens út Akkrum, de heit fan keunster Ids Willemsma wie dêr de baas. En we sjogge sels Jeen van der Berg noch riden. Gewest Fryslân te sjen om 17:00 oere hjirnei elk oere nei Hjoed.

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)