Gewest Fryslân fan 27 maaie 2017 17:00

    Yn 1974 is de toer fan Hylpen rjochtset, dy stie krekt as dy fan Pisa en de Aldehou bryk. De Hylpers woene dat net. It is suver in spannende reportaazje, as de filmploech merkbyt dat der allerhande frjemde kreakjende lûden binne. Mar de wurkers oan it kerwei binne hiel wis en rêstich. En sy kinne oan it ein fan de dei de flagge op in rjochte toer sette.

    Fierder yn Gewest Fryslân in Grinzer reportaazje, mar dat giet yn elkoar oer. De boat fart fuort út de stêd Grins wei yn 1991 en komt oan op Skiermûntseach. Sa gienen de Grinzers eartiids in dei nei wat se harren strân neamden. It is no Frysk strân

    Gewest Fryslân

    It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    (advertinsje)