Gewest Fryslân fan 26 maaie 2018 17:00

Ut 1982 komt de reportaazje oer Sjoerd Kuperus. Dy wenne yn Koudum, mar it wie, nettsjinsteande syn namme, in Amsterdammer. Hy koe echt skitterjende tekeningen meitsje en al is hy dan al frij âld, hy kin der noch wol oer fertelle.

Henk de Boer, tsjintwurdich de man fan de penisfontein, rûn yn 1993 ek al tsjin de provinsjale fyzje fan kultuerbelied oan. Hy makke mei gâns oare lju in Requiem oer Fryslân dat himsels ophongen hat oan rekreaasje. Van Gewest tot Gewest registrearre it spektakel.

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)