Gewest Fryslân fan 26 april 2014 17:00

Sneon 26 april wer in nije ôflevering fan Gewest Fryslân. Dizze kear Operaasje Fers en Simmer 2000.

Johan van der Zee seach yn 1968 by 'Operaasje Fers', de dichterstillefoan. Yn die tiid wie der noch gjin ynternet en sa: do koest in nûmer belje en dan heardest in gedicht op dyn tillefoan. Draaidest in oar nûmer dan kaam der in Frysk gedicht. Yn dizze reportaazje sjogge we en hearre we in pear fan dizze gedichten, ûnder oaren fan Tiny Mulder en Tjitte Piebenga.

De oare reportaazje komt út 1999. Dêryn sjogge wy nei de tariedings fan it geweldige feest Simmer 2000. It moaie dêrby is dat âld-Jouster, mar ek NOS korrespondint, Charles Groenhuizen, foar Van Gewest tot Gewest doe in reportaazje makke mei Geertsje Stoelwinder fan de Gordyk. Sy wenne al in skoft yn Amearika. Mar foar Simmer 2000 kaam sy werom nei Fryslân, lykas Groenhuizen.

Share this page on:

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)