Gewest Fryslân fan 25 novimber 2017 17:00

    Tsjintwurdich ha we Boot Holland, yn eardere tiden hienen we de Recreana. Dy waard organisearre troch de fiif kafeehâlders fan de Frieslandhal. Dat is no it WTC. As de feemerk der noch yn siet, stienen de boaten al klear. De ferhuzing moast yn in pear oeren. Van Gewest tot Gewest lit dat sjen yn in reportaazje yn 1974. In jier letter giene se der wer hinne. In jier tefoaren wie sein, dat it allegear oars soe. Nee dus. We komme yn it hoedene Ljouwert fan doe, dat boude oan in nije Harmonie. Fragen oer wat moatte we dan mei de Frieslandhal. Mar in bytsje ambysje doedestiids yn Ljouwert.

    Gewest Fryslân

    It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    (advertinsje)