Gewest Fryslân fan 25 febrewaris 2017 17:00

    Yn 1977 binne de Grutte Tsjerke en de kosterij dêrfan yn Ljouwert restaurearre. Yn de reportaazje fan Van Gewest tot Gewest sjogge en hearre we earst oargelist Piet Post spyljen yn dy moaie tsjerke. En arsjitekt Rein Hofstra leit út hoe’t de kosterij yn elkoar set is. Mear tuorrenijs út Ljouwert komt fan in reportaazje fan 1980 as der in nije spits op de Bonifatiustoer komt. Dy is der yn de 70-er jierren ôfwaaid. Mar yn april 1980 stiet der wer in nijen op. En dat lit Van Gewest tot Gewest allegear sjen.

    Gewest Fryslân

    It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    (advertinsje)