Gewest Fryslân fan 24 maart 2018 17:00

    Lêsten krige skriuwer Geert Mak in grutte nasjonale ûnderskieding, de oeuvrepriis fan it Prins Bernhard Cultuurfonds. Hy hat echt wat betsjut yn de nasjonale literatuer. It is in heale Fries, mar hy kaam hjir yn byld mei syn boek “Hoe God verdween uit Jorwerd”. Yn 1996 makke Van Gewest tot Gewest in reportaazje oer dat doe krekt ferskynde boek.

    Yn 1980 wie der striid yn de gemeenteried fan Hearrenfean, oer it ferdwinen fan de wettertoer. Hiel nijsgjirrich, de stimming rûn út op in lykspul. Dêrtroch waard it kolleezjefoarstel oannaam en dat wie ôfbrekke. Der koe wol op ’e nij stimd wurde, mar doe wie de wettertoer al ôfbrutsen.

    Gewest Fryslân

    It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    (advertinsje)