Gewest Fryslân fan 24 maaie 2014 17:00

De JSF is no yn 2014 kommendewei, en Jelsum makket him al wer drok. Hokker leven sil sa'n ding wol net meitsje. De Starfighters en F16's ha wat dat oanbelanget har bêst al dien. Jelsum hat dus sûnt de Twadde Wrâldoarloch lêst fan lûdshinder fan de strieljagers dy't Ljouwert op en ôf fleane. We sjogge yn dizze ôflevering fan Gewest Fryslân in reportaazje oer de lûdshinder út 1980. Doe moast it hiele doarp sawat ferboud wurde, woe it oerlibje yn it leven. Doe wie der in reportaazje yn Van Gewest tot Gewest, dy litte we nochris sjen yn it programma Gewest Fryslân.

Dêryn ek in grut skip, in klipper, mei grutte seilen en grutte fokken. Inkeld dy wienen net kreas wyt, mar beskildere. Troch Gerriet Postma, in keunstskilder. Jo kinne der fan tinke wat jo wolle, jo moatte it sels sjen. Dat kin, as we ek nei 1994 werom skeakelje en sjogge hoe't gâns ferve in skip ta libben bringt. Mar oft it no wol echt keunst is.....

Share this page on:

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen om 17.00 oere.
(advertinsje)