Gewest Fryslân fan 24 juny 2017 17:00

De jierren dat Van Gewest tot Gewest begûn seagen se wolris ferheard nei de Fryske taal. Dus as der wat spesjaals wie, dan kamen se. Yn 1967 dus by in kongres oer twatalich ûnderwiis. Deryn waard doe al in man út Wales helle dy’t fertelle koe hoe’t se it dêr diene. It Frysk waard doe foar it oare troch Van Gewest tot Gewest noch beskôge as in dialekt. Dat wie wol oer yn 1979, doe’t Johan van der Zee likegoed wer op in ûnderwiiskongres telâne kaam. Doe oer it ynfieren fan de basisskoalle. Dat koe maklik yn de grutte plakken, yn al dy lytse doarpkes yn Fryslân wie it gâns dreger.

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)