Gewest Fryslân fan 24 febrewaris 2018 17:00

De krimp soarget foar in soad fúzjes fan basisskoallen yn Fryslân. Dat giet no wat nofliker as dat it yn 1983 yn Bantegea gie. De oarloch en frede fan dat proses yn in reportaazje. Doe't de skoalle fan start gie, wie noch net elk it der oer iens dat it goed wie.

Fryslân hat foar reportaazjemakkers altyd ien foardiel, je kinne it altyd oer de taal ha. Yn 1969 hielendal. Foar it earst waarden der doe sifers publisearre oer it Frysk. Drs. Lieuwe Pietersen die dat. Syn meast yn it each rinnende sifer: 97 persint fan de bewenners fan Fryslân ferstiet Frysk. Logysk dat de Fryske beweging dat sifer lang brûkt hat.

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)