Gewest Fryslân fan 23 septimber 2017 17:00

As Van Gewest tot Gewest yn 1994 in reportaazje makket oer de 17de-iuwske Gysbert Japicx, stjoere we dy fansels no út. Mar it giet mear oer dat der yn 1994 in Frânske fertaling fan Gysbert syn wurk makke waard. Eins ha de Frânsen dan mear belangstelling foar Gysbert as dat wy doe hienen. De Friezen fan doe seagen dy jierren folle mear nei it ivige probleem fan Fryslân: natoer en lânbou yntegrearje. Eastermars Lânsdouwe ûntstie doe. Dêroer makke Van Gewest tot Gewest yn 1995 in reportaazje. De problemen fan doe binne der no noch, mar we neame it tsjintwurdich wer oars. No soenen we sizze: Eastermars Lânsdouwe is natoerynklusive lânbou.

Share this page on:

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)