Gewest Fryslân fan 23 maaie 2015 17:00

Rekreaasje yn Fryslân, altyd in tankber ûnderwerp yn Van Gewest tot Gewest. Sa litte we dizze jûn ek wer sjen yn Gewest Fryslân. Sa giene se yn 1994 nei Heech, dat yn dy tiid teistere waard troch jongfolk. Elkenien waard wekker hâlden, en der waard ek omraak slein. Foar it earst naam in bewakingsbedriuw it oer fan de plysje. En dat wurke, it is te sjen yn de reportaazje. En fierder gie Van Gewest tot Gewest nei Skylge, foar Oerol. Yn 1993. Doe’t bekend makke waard dat Oerol, dêr't se yn 1981 mei begûn wiene, ophâlde soe, it wie net mear te beteljen. Oerol hat net in jier oerslein en is der no noch. En dus binne dy bylden fan 1993 no ek noch moai. Sa wie it doe.

Share this page on:

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)