Gewest Fryslân fan 23 maaie 2013

It mystearje Johan Wardenier. It spile yn Wolvegea. Johan Wardenier makke yn de 30-er jierren fan de foarige ieu in tekening en foarbyld fan de brânstofleaze motor. Der wie in protte belangstelling foar, Philips soe sels in grutte autofabryk begjinne yn Wolvegea. Ek de boargemaster en wethâlder wiene optein. Mar de ein fan it ferhaal kaam doe't se Wardenier opsletten ha yn in tehûs foar minsken dy't geastessiik wiene. Letter is hy al frijlitten, mar hoewol dy motors sa linkendewei no op de merk komme, is der fan him neat mear fernaam. Wat de doe makke reportaazje yn Van Gewest tot Gewest jûn yn Gewest Fryslân ek sjen lit is dat der net iens mear in grêf wie foar Wardenier. De reportaazje is fan 16 jannewaris 1985 en doe seach van Gewest tot Gewest ek noch efkes op de Skarsterlânske koartebaankampioenskippen. It wie winter en Bauke Jonkman waard winner. Jûn allegear yn Gewest Fryslân.

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)