Gewest Fryslân fan 23 augustus 2014 17:00

    We ha yn Fryslân it grutste part fan de eveneminten wer hân, mar we sjogge no wer werom op de PC . Nee, net dy fan dit jier, op dy fan 1973, Sjouke de Boer wie kening. Yn Gewest Fryslân en dat betsjut dat Van Gewest tot Gewest yndertiid in reportaazje makke hie op dy PC. Benammen fanwege it ôfskie fan de PC foarsitter notaris mr. Klaas Bylsma. Sa'n ien krije se nea werom, seit Johan van der Zee no. Hy wie de programmamakker doe. Dy't ek efkes werom sjocht mei in reportaazje fan in aksje op de sosjale akadeemje fan Ljouwert út 1976. In aardichheidsje.

    Gewest Fryslân

    It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    (advertinsje)