Gewest Fryslân fan 23 april 2016 17:00

Op 26 febrewaris 1986 wie de ien nei lêste Alvestêdetocht. In pear dagen letter makke Dinne van der Vlis, in redakteur fan Van Gewest tot Gewest in fartocht mei de Vlieland nei Skylge en fertelt kapitein Frans Horrius oer it Waad, benammen as dat ek noch sa yn it iis leit. Izige bylden dus ek. We bliuwe mei de twadde reportaazje ek op it Waad en we sjogge út Den Helder wei nei de ferskillende jutters. Moaie ferhalen, moaie bylden. Eigen tradysjes. De reportaazje is nei oanlieding fan in boek oer jutters dat yn 1982 ferskynde.

Gewest Fryslân: sneons om 17.00 oere. Dêrnei fan 18.15 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje.

Share this page on:

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)