Gewest Fryslân fan 21 septimber 2019 17:00

Eartiids koe Fryslân amper karnaval. Dat moast feroarje, sei de Tilburchske karnavalsferiening yn 1973. Se giene op reis nei Flylân om se dêr efkes karnaval te learen. Van Gewest tot Gewest gie mei en fierde it karnaval like yngreven. En om't it programma Van Gewest tot Gewest eartiids nochal eilannegefoelich wie ek in reportaazje út 1965 oer auto's op eilannen. Of gjin auto's lykas op Flylân.

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)