Gewest Fryslân fan 21 maart 2020 17:00

Werom nei 1972. Byld fan de rekreaasje yn Fryslân. Earst skitterjende bylden fan de Alde Feanen, en dan de petearen en bylden fan de effekten. Yn Terherne, yn Grou, op De Lemmer en yn Langwar. Moaie bylden, ûngerêste bestjoerders, optimistyske ûndernimmers. En allegear ûnderfrege troch Johan van derZee, dy't yn it begjin fan de reportaazje de ynkringende fraach stelt: dit ha we en wat wolle je noch mear. Hy krijt gjin andert.

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen.
(advertinsje)