Gewest Fryslân fan 21 maart 2013

It ferhaal fan it Planetarium yn Gewest Fryslân

Yn 1981 bestie it Planetarium yn Frjentsjer 200 jier. ‘Van Gewest tot Gewest’ brocht dat bysûndere ferhaal yn byld. In toanielstik út dy tiid fertelde it ferhaal fan it Planetarium. De wize wêrop’t it Planetarium ûntstien wie en hoe't de wolkammer Eise Eisinga tsjin de deadsfoarsizzende dûmnys yngie. Hy liet harren sjen hoe't it hielal yn elkoar siet en dat de sinne net útelkoar batse soe.
Derneist gie ‘Van Gewest tot Gewest’ sels ek nei it Planetarium en liet Harke Terpstra syn ieuwenâlde ferhaal jitris ôfdraaie.

Fierders yn Gewest Fryslân in reportaazje fan july 1988. Miljeu-aktivisten begûnen harren drok te meitsjen oer de skea dy't de tanimmende ‘pleziervaart’ oanrjochtsje koe oan dy gefoelige natuer. Net wittend hoe't dy rekreaasje letter noch wer mear groeie soe.

Diel dit berjocht op:

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen om 17.00 oere.
(advertinsje)