Gewest Fryslân fan 21 juny 2014 17:00

Dit wykein is it noch Oerol Festival op Skylge. Dus sjogge we ek yn Gewest Fryslân op datselde eilân. Mar dan yn 1968. Dat die Johan van der Zee yndertiid. Hy moast as redakteur fan Van Gewest tot Gewest ynienen wat dwaan, want hy krige in kleurekamera mei en moast wat dwaan foar 16 july 1968, want dat wie de dei dat Armstrong de foet op de moanne sette, en dan moast de Nederlânske tillevyzje op kleur. Johan van der Zee yn in trip oer Skylge. En wat blykt: eins is alles der no ek noch.

Share this page on:

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)