Gewest Fryslân fan 21 july 2018 17:00

Hy waard ek wol de God fan de Trynwâlden neamd. Foeke de Jong. Hy boude in fertuteaze âldereintehûs om yn in nij multyfunksjoneel sintrum. Folle mear befolkingsgroepen koenen dat brûke. Van Gewest tot Gewest fertelde it yn 2001.

Ids WIllemsma laske yn 1993 in keunstwurk foar Oerterp yn elkoar. It wie nochal grouwélich. De mieningen wiene dan ek ferdield. Van Gewest tot Gewest makke in reportaazje ûnder de skitterjende titel ‘De spits fan Ids’.

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)