Gewest Fryslân fan 21 jannewaris 2017 17:00

    Op 19 febrewaris 1986 seach Van Gewest tot Gewest wer werom op de alvestêdetocht fan 1985. Doe hienen se yn Wytmarsum west; dat diene se no wer. Net wittende dat de kleedsjes hast wer tefoarskyn komme moasten, want in wike nei de útstjoering wie de tocht fan 1986. Moai útsocht.

    Gewest Fryslân bliuwt yn winterske sfearen as Johan van der Zee yn 1998 op besite giet by skriuwer Hylke Speerstra. Dy hie it boek De koude erfenis útjûn, ferhalen oer de minsken en harren bân mei it iis.

    Gewest Fryslân

    It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    (advertinsje)