Gewest Fryslân fan 21 febrewaris 2015 17:00

Yn al de jieren dat it programma Van Gewest tot Gewest bestie, hat der altyd útwikseling west tusken de ferskate Fryslannen. Net inkeld ús eigen dus, mar ek yn Dútslân en Denemarken. En fansels Helgolân, want dêr gie de reportaazje fan Johan van der Zee oer yn 1986. Bylden fan benammen folksdûnsjen.
En as jo it oer âlde, mar wol moaie gebouwen ha, ein jierren santich wiene der lju yn Ljouwert dy't soargen foar it opknappen fan dy âlde gebouwen. We sjogge mei Rienk Terpstra fan doe yn de Utrecht oan de Twabaksmerk en mei Peter Karstkarel yn it Gabbema rêsthûs.

Alle sneonen te sjen om 17.00 oere hjir nei alle oeren nei Hjoed.

Diel dit berjocht op:

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen om 17.00 oere.
(advertinsje)