Gewest Fryslân fan 21 april 2018 17:00

Spektakulêre bylden út 1993 doe’t Van Gewest tot Gewest op besite gie by it dûkteam Ecudor op Skylge. Dy hienen in eigen boat en kluphûs. En twa kameramannen dy’t it ûnderseeske wurk dienen foar de Hilversumske kollega’s.

Yn Eanjum wie yn 1991 in útstalling fan de skilderes Irene Verbeek oer de Lauwersmar. Bart Tromp iepene en Douwe Heeringe besong har. En dêr makke Van Gewest tot Gewest dan wer in smaaklike mjuks fan.

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)