Gewest Fryslân fan 20 juny 2013

Nanning Bulthuis en Jelle Hogeveen stean jûn sintraal yn Gewest Fryslân, want se komme nei foaren yn reportaazjes dy't Johan van der Zee yndertiid makke fan beide mannen yn it programma Van Gewest tot Gewest. Nanning Bulthuis is fansels noch wol aardich bekend, al wie der al yn de 90 doe't Johan dizze Bulthuis ynterviewde yn 1975. Bulthuis, de Huzumer begraffenisûndernimmer, boude boatsjes, tjotterkes en rekke letter oan it houtsnijen en dan mear as keunstfoarm. Jelle Hogeveen is net sa bekend, mar hy wie eartiids, we ha't oer 1979, noch in skipper, op in âld lyts skipke mei in seiltsje oan de foarmêst. Der wie ien beswier, troch de evenredige frachtferdieling yn de binnenfeartfloat moasten der skippen ferplicht saneare en dat wie ek it gefal mei it skip fan Jelle Hogeveen. It koe net mear foldwaande funksjonearje. Mar dat gie dwers troch de siel fan Hogeveen. In prachtige reportaazje yn de Rotterdamske Waalhaven fan in echte Fryske skipper mei in eigen ferhaal.

Diel dit berjocht op:

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen om 17.00 oere.
(advertinsje)