Gewest Fryslân fan 2 juny 2018 17:00

Piet Burgers fan De Lemmer kaam út de fuotbalwrâld fan Amsterdam. Mar dan kinne je it net litte en gean ek op De Lemmer mei de fuotballers oan de slach. Alvetallieder yn 1974. Van Gewest tot Gewest folge yndertiid dy warbere, iepene man.

Cisca Heere makke yn 1996 prachige poppen, en dy pleatste se yn it Behouden Huys op Skylge yn de opstelling fan de skoalplaten dy't der eartiids wiene oer de oerwintering op Nova Zembla fan Willem Barentsz.

Tetman de Vries krige yn 1969 de Gouden Tulp foar syn wurk dat krekt nei de oarloch begûn wie op it toaniel. In must foar de minsken fan Van Gewest tot Gewest. Douwe Tamminga fertelt dêryn hoe wichtich oft Tetman foar de Fryske kultuer wie.

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)