Gewest Fryslân fan 2 desimber 2017 17:00

De le Roy tún op It Hearrenfean is fansels ferneamd yn Fryslân. Mar yn 1972 soe der in noch geweldiger le Roy tún komme yn Boalsert. Je sjogge âlderen, mar ek gâns bern yn de dridze en de rein dwaande mei it realisearjen dêrfan. Mar hoe drok en optimistysk oft se doe wiene, de tún is der nea goed útkaam. Of sa’t de Boalserters doe seine: it sal wel goed weze. Le Roytunen is wurkjen mei stiennen. Mar Jan Faber die dat sûnder le Roy. Hy makket in grutte iepenbiere tún fan oeral weisochte stiennen. De reportaazje is fan 1999.

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)