Gewest Fryslân fan 2 desimber 2012

As der eartiids in boerepleats mei lân ferkocht wurde moast, dan barde dat faak mei in feiling. Je koenen biede. Mar dan kamen al dy strykjildskiuwers derby. Van Gewest tot Gewest lit dat proses yn 1977 sjen. Getallen op laaikes skriuwe, de heechste ynskriuwer koe der oan hingjen bliuwe, mar meastentiids dy wol bliken dat immen it ha woe en dy gie der yn de twadde sitting dan in gûne oerhinne. Gâns strykjildskriuwers hiene dêroan har ferstjinste. It proses fan it boerehiem oant de ferkeaping mei in notaris en in plysje op it toaniel kin folge wurde.
Fierder yn dizze Gewest Fryslân noch in reportaazje oer de jeugd yn Ljouwert wêrfoar der fan alles organisearre wurde moast. Al lit de reportaazje no net sjen dat dy jeugd út 1969 no daliks de strjitte ûnfeilich meitsje soe, se seagen der o sa kreas út.

Diel dit berjocht op:

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen om 17.00 oere.
(advertinsje)