Gewest Fryslân fan 19 septimber 2013

Yn 1993 makke Johan van der Zee in reportaazje foar Van Gewest tot Gewest oer de otter. Der waard doe besocht de otter werom te krijen yn Fryslân. It bist wie in bytsje in statussymboal, om't syn oanwezigens skjin sûn wetter betsjut. Je sjogge hoe't it Fryske Gea yn de Alde Feanen dwaande is. Prachtige bylden fan Tsjebbe de Jong rûkend oan miskkien wol otterstront. En bylden fan Aqualutra, it ottersintrum by Ljouwert.
En fierder sjogge jim Douwe Wynstra yn 1984, muzikant, mar ek omropman. Hy hat de lytste omrop fan ús lân. Hy fersoarge de útstjoerings foar trije buorfroulju yn de Tynje.

Share this page on:

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)