Gewest Fryslân fan 19 oktober 2019 17:00

Skûtsjesile hat fansels meardere kearen ûnderwerp fan reportaazje west yn Van Gewest tot Gewest. Moaie bylden sjitte wie faak ris útgongspunt. Bygelyks by it skûtsjesilen fan 1970, doe't de bestjoerders fan it silen stil stiene by alle oare boatsjes dy't doe noch gewoan op it wedstriidwetter fan de skûtsjes rûndarrelen. It skûtsjesilen stie oars ek yn 1969 al sintraal as jo op besite geane by in seilmakker yn Fryslân, al makke dy dan net safolle seilen foar skûtsjes mear.

Fakânsjetiid út 1968 in moaie reportaazje oer in hiel oar faset fan it Fryske lânskip. Gjin marren, mar terpen. Mar krekt as de skûtsjes binne dy terpen der ek noch.

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)