Gewest Fryslân fan 19 maaie 2018 17:00

Van Gewest tot Gewest makke altyd bylden fan de moaie dingen yn in provinsje. Dan komme je yn Fryslân fansels terjochte by Pier Piersma yn Heech, de bouwer fan tjotterkes. Se mochten dêr it hiele jier tuskentroch wol efkes filmje. En it einiget dan yn 1977 fansels op it wetter fan de Hegemer Mar, silend mei sa’n krekt ferkocht tjotterke.

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)