Gewest Fryslân fan 18 oktober 2014 17:00

Yn Gewest Fryslân sjogge we dat as kompensaasje foar dat op guon jûnen mei fuotbalwedstriden it progamma Van Gewest tot Gewest eartiids wolris ferskood waard, krigen se stjoertiid werom op de sneintejûnen. Se makken dan spesjale langere programma's. Sa makke de Fryske redakteur Johan van der Zee in programma oer Earnewâld. Mar hy bleau hingjen yn twa mannen, de bruorren Toering, fiskers. Tige nijsgjirrich.

Like nijsgjirrich is it ferhaal út 1969 fan Grou dêr't saneamde rekreaasjeassistinten yn it libben roppen waarden. Want doe siet Fryslân der al oer yn oft de minsken har hjir net ferfele soenen. It foel ta. Beide reportaazjes binne te sjen yn Gewest Fryslân.

Gewest Fryslân te sjen om 17.00 oere hjirnei alle oeren nei Hjoed

Share this page on:

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)