Gewest Fryslân fan 18 april 2015 17:00

Dichter en skriuwer Jan Jacob Slauerhoff is berne yn Ljouwert, mar waard bûten de Fryske grinzen ferneamd. Mar, sa binne de Friezen, hy is fan “ús”. Sa waard in boek oer him yn 1989 presintearre op in grut skip tusken Harns en Skylge, al hie Slauerhoff inkeld op Flylân west. En sa wiene yn 1992 toeriste-ûndernimmers dy’t mei in bus in Slauerhofftocht organisearren. Fan beide eveneminten hat Van Gewest tot Gewest yndertiid reportaazjes makke, dy’t te sjen binne yn Gewest Fryslân.

Gewest Fryslân te sjen om 17.00 oere hjir nei alle oeren nei Hjoed.

Share this page on:

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)