Gewest Fryslân fan 17 maaie 2014 17:00

Kultuer hat altyd in tige wichtige faktor west yn de programma's sa't dy makke waarden troch Van Gewest tot Gewest. En dat wie in programma út de regio wei, dus ek de Fryske kultuer hat altyd in wichtige rol spile. Johan van der Zee wie de Fryske programmamakker yn Van Gewest tot Gewest, en hy wie yn it sâlt bebiten.

Hy makke yn 1980 in kertier lang it begjin fan it Frysk Festival mei, dêr't allerhande bekende en ûnbekende Friezen har oan it folk presintearren. De nije wize fan kultuer bringen waard ferflechte mei de âlde wearden. En ferbûn yn it Frysk Festival, dat yn 1980 ûntstie, de nije foarm fan kultuerbelibjen.
In Festival dat yn lettere jierren noch in soad ferrassingen bringe soe, mear noch yn de serieuze keunst. Mar yn 1980 wienen we noch bliid mei Rients en Tetman, yn de reportaazje oer dat festival fan 1980 yn Van Gewest tot Gewest en dy litte we sneon wer sjen. Tagelyk snuve we dan efkes oan de byldbepalende kultuer, de stinzen en staten dêr't Frylân sa ryk oan is.Van der Zee seach yn it Martenahûs yn Frjentsjer en it Poptaslot yn Marsum.

Share this page on:

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)