Gewest Fryslân fan 17 jannewaris 2015 17:00

Op 14 maart 1990 hie it programma Van Gewest tot Gewest in jubileumútstjoering, it bestie 25 jier. Dat programma duorre mar leafst 85 minuten, dêryn’t yngreven yngien waard op de feroaringen yn wenjen en taal yn de ferskate regio's. We litte fansels net alles sjen, inkeld in pear moaie ynterviews fan de Fryske Gewestredakteur Johan van der Zee mei skriuwer Jan Wolkers en mei professor Van der Meiden. De Fryske kabaretier Hessel van der Wal sjongt yn it jubileumprogramma dêr’t we dus wer in nij seizoen fan Gewest Fryslân mei iepenje.

Gewest Fryslân te sjen om 17:00 oere hjir nei alle oeren nei Hjoed.

Diel dit berjocht op:

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen om 17.00 oere.
(advertinsje)