Gewest Fryslân fan 16 maaie 2013

Yn de útstjoering fan Gewest Fryslân op 16 maaie gean we werom nei 4 febrewaris 1965. Doe gie it tillevyzjeteam fan 'van Gewest tot Gewest' nei de Brekkenpolder by De Lemmer. Se lieten sjen dat it dêr noch hieltyd in eilân wie en dat de bern mei in boatsje nei skoalle op 'e Lemmer moasten. Pas letter soe der stroom, gas en in brêge komme. Op in oar plak yn Fryslân woene se wol dat der mear wetter komme soe. Earnewâld woe al yn 1988, dat blykt út in reportaazje fan 'van Gewest tot Gewest', in kanaal oer Grou en De Feanhoop nei Drachten ha. It soe te lêstich wêze foar natoer, wettersport en iis, dat al dy grutte skippen troch Earnewâld kamen. Mar dat moatte dy skippen no noch altyd. De reportaazje fan doe is eins hjoed-de-dei noch hieltyd aktueel.

Diel dit berjocht op:

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen om 17.00 oere.
(advertinsje)