Gewest Fryslân fan 16 desimber 2017 17:00

    In reportaazje út 1979 fan Van Gewest tot Gewest. De berte fan de Aldfaers Erfrûte. Betocht troch Yde Schakel; yn dizze reportaazje docht de doedestiidse Fryske VVV-direkteur George Kooijman it wurd. Dêromhinne âlde bylden fan in soarte fan toanielstik spile yn de Aldfaers Erfrûte, om in bytsje nostalgysk nei it libben fan eartiids te sjen. Ut 1978 komt in reportaazje oer in meganysk keunstwurk. It stie yn it Martenahûs yn Frjentsjer. Jan Elzinga hat it makke: in rjochtsaak út de tiid fan kening Salamo as ûnderwerp, mei allerhande popkes dy’t meganysk bewege. Hie nijsgjirrich.

    Gewest Fryslân

    It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    (advertinsje)