Gewest Fryslân fan 15 july 2017 17:00

De telefyzje fan Omrop Fryslân is begûn yn 1993. Mar Van Gewest tot Gewest lit sjen dat dêr yn 1986 al bot oer diskusjearre waard. En krekt as alle oaren gie Van Gewest tot Gewest doe ek nei Wales om sjen te litten dat regionale telefyzje yn in oare taal bêst kin. Ut 1996 komt in reportaazje om sjen te litten dat je mei telefyzje alles kinne. Groot Dictee wie al hiem; dan kinne wy wol in Frysk diktee dwaan. En dat wie dan wer in reportaazje foar Van Gewest tot Gewest.

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)