Gewest Fryslân fan 15 april 2017 17:00

    As je alle jierren fan Van Gewest tot Gewest trochsjogge, komme je ek wol wat lyntsjes tsjin. Ut 1965 is ir. Zandvoort fan provinsjale wettersteat te sjen dy’t de minsken útleit hoe’t it neffens him en de provinsje mei it wegenet yn Fryslân komme sil. Earme man; alles kaam oars. En ien fan dy troch him net betochte saken wie de A6. Fan De Lemmer troch de Tsjûkemar nei De Jouwer. De berikberens fan Fryslân waard doe yn 1973 fergrutte sei Van Gewest tot Gewest, mar tagelyk soe de druk op de Fryske rekreaasje wolris te grut wurde kinne.

    Gewest Fryslân

    It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    (advertinsje)