Gewest Fryslân fan 14 oktober 2017 17:00

De lêste reportaazje fan Johan van der Zee dy’t Van Gewest tot Gewest útstjoerde, gie oer de ferkearssitewaasjes yn Fryslân. Dus giet Johan yn 2002 yn de auto sitten mei de man fan it Regionaal Orgaan Ferkearsfeiligens, Hans Monderman. It tafal wol dat yn it begjin fan syn wurk by Van Gewest tot Gewest yn in reportaazje oer Abbegea Johan van der Zee ek by immen yn de auto siet. De sirkel is rûn. Foar it oare wol moai, Monderman en Van der Zee skilderje de sitewaasje yn Aldeberkeap dêr’t alle ferkearsbuorden fuortsmiten binne.

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)