Gewest Fryslân fan 14 maart 2013

Douwe Wynstra wie in jonge fan De Tynje en wie folslein rjochte op muzyk. Hy spile oeral en rûnom de bekende deuntsjes op syn harmoanium. Yn in reportaazje út 1984, by ‘Van Gewest tot Gewest’, lit Wynstra sjen dat er ek mei de fleugel út 'e fuotten koe, dat hie er op it konservatoarium leard. Ek makke er harkspullen. In moaie reportaazje fan in bysûndere man.

Yn Gewest Fryslân tongersdei ek in oare reportaazje út 1966 dy't útstjoerd is yn Van Gewest tot Gewest. Yn dizze reportaazje wurdt dúdlik wêrom’t Fryslân it Hooglandgemaal yn Starum nedich hie, de fuotten moasten dochs wol droech bliuwe.

Diel dit berjocht op:

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen om 17.00 oere.
(advertinsje)