Gewest Fryslân fan 14 juny 2014 17:00

Twa reportaazjes fan Van Gewest tot Gewest yn it programma Gewest Fryslân. De Fryske redakteur fan it nasjonale programma Johan van der Zee fertelt oer twa reportaazjes dy't hy makke. Ien fan in wenweinfestival yn Snits út 1992. In kultuerutering dy't Van Gewest tot Gewest net sa faak die. De muzyk fan de geheime stjoerders. En fierder út 1997 it ferhaal fan in wittenskipper fan de Fryske Akademy, Kees Verhaar dy't yngie op de wurkleaze lju doe en de kânsen dy't se hiene om werom te kommen yn it arbeidsproses. En fansels binne dy beide reportaazjes ek te sjen yn Gewest Fryslân.

Share this page on:

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen om 17.00 oere.
(advertinsje)