Gewest Fryslân fan 14 july 2018 17:00

    Eilannen ha troch de jierren hinne alles der oan dien dat se net inkeld besteane fan strântoerisme. It Amelân organisearre yn 1997 in keunstfestival foar jonge keunstners. Oer it hiele eilân. Van Gewest tot Gewest folge dy útstallingen en optredens.
     

    “Ik versta er geen reet van”, seit in besiker fan de popgroep Reboelje yn 1991 yn dizze reportaazje fan Van Gewest tot Gewest. Mar de mannen fan Reboelje lizze út wêrom’t se dochs harren muzyk útfiere yn it Frysk. We hearre se fansels elk spyljen.

    Gewest Fryslân

    It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    (advertinsje)