Gewest Fryslân fan 14 jannewaris 2017 18:15

    Van Gewest tot Gewest kaam oeral. Yn 1985 sels ek yn dat spesjale Fryske plakje dat yn 1932 ûntstien wie by de bou fan de Ofslútdyk: Koarnwertersân. Dêr wennen de minsken dy’t dêr wurken. Oan de dyk, of op de brêgen en slûzen. Mar yn 1985 wie al bekend dat alle hûzen wer ôfbrutsen wurde soene. Doe gie Van Gewest tot Gewest der hinne. Dus in reportaazje oer it libjen fan in lyts groepke lju in hiel ein fan de gewoane wrâld ôf. Se fûnen it allegear prachtich neffens de reportaazje.

    In jier earder yn 1984 hie Van Gewest tot Gewest ús sjen litten dat as de bern fan de eilannen nei de fêste wâl moasten foar fuortset ûnderwiis, dat se dan in hiele wike yn Harns yn in ynternaat wiene. De foar- en neidielen dêrfan, mei bern dy’t dêr iepen oer prate.

    Gewest Fryslân

    It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    (advertinsje)