Gewest Fryslân fan 13 septimber 2014 17:00

Yn Gewest Fryslân hjoed omtinken foar in op it each saaie reportaazje út Van Gewest tot Gewest út 1972. Johan van der Zee, hy wie de redakteur fan dat programma, makke 20 minuten oer Ljouwert nei oanlieding fan de struktuerskets dy't dy gemeente in pear moanne earder publisearre hie. Eins woe Ljouwert sa gau mooglik nei mear as 100.000 ynwenners. Dat is doe net slagge, dy binne der no noch net. Want mear as no seine de minsken doe allegear: wy wenje leaver yn de doarpen. We sjogge gewoane minsken en politisy en amtners mei in nochal ferskillend ynsjoch yn it Ljouwert fan doe.

Share this page on:

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)