Gewest Fryslân fan 12 maaie 2018 17:00

Louis leRoy wie al bekend wurden fan syn wylde tunen op It Hearrenfean en Boalsert. Ien fan syn lettere projekten wie de ekokatedraal yn Mildaam, boud fan guod dat oerbleau by oar wurk. Johan van der Zee makke yn 2000 in reportaazje, mar hat der letter sels ek oan meiwurke.

Ds. Ype Schaaf wie haadredakteur fan it Friesch Dagblad doe't hy yn 1994 útkaam mei in boekje: Laarzen op de Lange Pijp. Hy beskreau dêryn it libben fan de Joadske buert yn Ljouwert yn de Twadde Wrâldkriich. Van Gewest tot Gewest gie by him op besite.

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)