Gewest Fryslân fan 11 juny 2016 17:00

Yn 1976 waaide de Bonifatiustoer yn Ljouwert fan de Roomske tsjerke ôf. Spektakulêr. Der binne bylden fan te sjen yn Gewest Fryslân, om’t soks yn 1977 siet yn in reportaazje fan it nasjonale programma Van Gewest tot Gewest. Dy litte we sjen yn it programma Gewest Fryslân. Ek oer dat eins earst dy toer gewoan ôfbrutsen wurde soe, dan prate we oer 1969, om’t de Roomske tsjerke leechrûn. Fierder in reportaazje út 1987 oer pingo’s. Doe al it andert op de fraach dy’t minsken no noch faak ha: wat binne pingo’s eins.

Diel dit berjocht op:

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen om 17.00 oere.
(advertinsje)