Gewest Fryslân fan 11 july 2013

Gewest Fryslân lit reportaazjes sjen fan it programma Van Gewest tot Gewest, op it nasjonale net, fan 1965 oant 2004. Eelke Lok praat mei Johan van der Zee, dy't de measte Fryske reportaazjes makke hat.

Yn dizze ôflevering fan Gewest Fryslân de ferneamdste Fries is miskien wol Grutte Pier, de Kimswerter boer dy't mei syn grutte swurd de ferdigener waard fan Fryslân. Yn de jierren '70 fan de foarige ieu waard dêr yn de searje Floris wat de spot mei dreaun en soks die Fryslân sear. Dus kaam der in boek oer de echte Grutte Pier, skreaun troch ds. J.J. Kalma. En dat boek waard dan wer it útgongspunt foar in reportaazje fan Johan van der Zee. Yn datselde jier 1970 makke hy ek in reportaazje oer Lolle van Houten en Piet Roozendaal, dy't fan Ljouwert nei Amsterdam rinne woene, om't de Ketelbrêge iepene waard. Sy rêden it net mar de betinker, VVV-direkteur Kooyman, helle de oandacht wol.

Share this page on:

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen om 17.00 oere.
(advertinsje)