Gewest Fryslân fan 11 april 2015 17:00

Dizze kear yn Gewest Fryslân in reportaazje út 2000 oer al of net wynmûnen yn Fryslân hie ek ferline wike makke wurde kinnen. De ien fynt it nedich, in oar net. Of: bêst dat dy wynmûnen hjir komme, mar net by my yn de tún. En fierder in opmerklike reportaazje fan 1971, doe’t houthannel de Groot op 'e Lemmer allegear Kameroensk hout oankocht, mar tagelyk minsken út Kameroen meikamen om oer it hout te fertellen, mar ek om oer it fak fan de behanneling te learen.

Gewest Fryslân te sjen om 17.00 oere hjir nei alle oeren nei Hjoed.

Diel dit berjocht op:

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen om 17.00 oere.
(advertinsje)