Gewest Fryslân fan 10 maart 2018 17:00

Ut 1980 komt de reportaazje oer it kultuerbelied fan de gemeente Weststellingwerf, dat op dat stuit bot yn diskusje wie. Benammen troch skriuwer Guus Dijkhuizen. En fansels rûn Johan van der Zee ek wer oan tsjin it skilderij fan prinses Juliana fan Ton Verhey, dat nei in pear wike yn de kelder terjochte kaam.

Fierder út 1986 de foarrinner fan it hjoeddeiske spoarmuseum yn Snits, de modelletreintsjes fan Piet Scheltema fan Snits. Hy hie safolle dat se de hûs útriden nei in modellespoarmuseum.

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)